Iiselijke feiten winterskoft 2012/2013

11-12-2013Geplaatst door Reinold Idzinga


 

Iiselijke feiten Winterskoft 2012 /2013

 

 

Begjin januari lyket it noch net op winter. Twa jier earder yn 2010 hiene wij de baan al op 1 dec iepen . Der kaem doe  op freed 3 decimber ek noch in filmploeg "uit den lande " om Kei de Reus te filmjen.

 

Ahfijn op snein 13 januari wurd der froast foarsein en dan leit der ek al in tin laagje iis yn e Mantgumer iisbaan.. Op tiisdei 15 januari wurd de baan al iepensteld . De kwaliteit fant iis is geweldig goed mar dik is it net.  Eins binne we krekt te gauw iepen en ik leau ik net dat der earne oars  yn Fryslan banen iepen wiene.Betterin  kear te gau  as trije kear te let iepen sa sjuch ik it dan al wêr.

 

Op freed 18 januari snipperje ik de leste 2 oeren en sjuch bij it iis fan e Swette en e Boazumer feart. Yn e Swette in 4 cm en yn e Boazumer feart toch san 7 cm mar der wurd ek noch net riiden.

 

 Bij de hegediiksbrêge sjuch ik in taske mei skuon en in mjitlint . Ik tink dat kin hast allinne mar fan in enthousiaste  karmaster fan e Iiswegencintrale wêze . Ik wachtsje efkes op it iis en dan komt der yndie Klaas Bokma oanstreekjen. Ik helje thus mijn reedens ek op en dan streekje we noch in kear as 5 a 6 fan e Hegedyksbrêge nei it Mantgumerhuske. Mooi iis noch net sa dik mar gjin healwizigheden op dit stikje .

 

It wykein fan 18 en 19 januari is de iisbaan ek iepen mar it is miskien net sa drok west want der stiet in stieve Easte wyn . Iksels riid dizze beide dagen yn e Legeaen oer de oudvaart oant de nije rounwei fan Snits.Jûns sneit it en dat docht it earste   bûteniis op in soad plakken gjin goed.

 

Freed 25 januari hâlde wy de jûns in hurriiderij . Der moat nij de efterkant fan e baan en weromriiden riiden wurden, sis mar in krap rountje mei 1 line foar start en finish.It is in estafette werbij twa tsjin twa striiden wurd. Nei ien rountsje wurd it stokje oerdroegen oan e maat dyt de twadde ronde riid.  Op dizze wyze ha we wol in mooie wedstriid. Ik leau dat Ilse Noarman mei Amarins de Groot de earste priis wûnt ha. Dit binne echt sportfroulju dus is soe samar kloppe kinne. Ek de oare dielnimmers diene tige har best en somstiden waard it aardig spannend.

 

De dei nei de wedstriiden sil de iisbaan alwer foar de leste kear iepen wêze.

 

Fanof 10 maart ha we de rest fan maart winterwaer mei de wyn fest yn it easten. Op snein 24 maart sjuch ik earst noch bij it iis fan e spoarsleat foar dat ik nei it keunstiis gean. It is no al in 14 dagen winterwaer mar de sinne hat al tefolle macht Ek it iis fan e spoarsleat, dat in bytsje ynt skaad leit is net te beriden. Dan mar nei koning winter op it fean Thialf.

 

 

De iisman.