Iiselijke feiten winterskoft 2010/2011

11-12-2013Geplaatst door Reinold Idzinga


 

Iisclub “De twa doarpen”

 

Iiselijke feiten winterskoft 2010/2011

 

 

Tiisdeijûn 30 novimber 2010 wurd de iisgek opbelle troch de foarsitter fan e iisclub: it lyket der op dat moarnjûn de iisbaan iepen kin .

 

De folgjende (woansdei) jûns is it donker, mar dat net allinne . It friest in graad as 5 en derbij stiet in foele easte wyn. De foarsitter bellet net om e nocht en ik gean dochs nei de iisbaan . Op e baan binne twa jonges oan’t riiden. Ynte van der Veen syn maat hat hjirby in integraal-helm op. Och sa feilig fansels mar it is mear tsjin e kjeld seit hij.  It iis bestiet út befêrzen wetter en is mooi zwart en glêd.

 

Mantgum is ien fan e earste iisbanen dy’t iepen is. Dit sjucht ek it lânelijke sportprogramma : Holland sport. Op freed 3 decimber komme sei mei in Quad (4 tsjêllige crosbrommer) it iis op om Kaai de Reus op e smelle izers te filmjen. Dizze hurdfietser is nei in swier fietsûngemak oerstapt nei it Marathon reedriiden.

 

Ek sneon 4 decimber  leit der goed iis mar ha we net dat mooie sinnige waer werby Holland sport filmje koe. It snie-jaget en der stiet in stiive Súdweste wyn. Der is noch in heit mei 2 jonge famkes op e baan en dat wurde letter fêst hurdriidsters want alle oare minsken  bliuwe fuort.

 

It waer begjint wat te kwakkelje en no en dan is de baan wer ris iepen sa ek op freed 17 decimber. Eins kinne we dan oan’t de ein fan it jier riide op e baan fan “De twa doarpen”. De kwaliteit fan it iis wikselt troch snie en sa út en troch wat taaiwaer. De nije feegmachine docht fertúten.

 

Earste kriistdei is it kostelijk mooi winterwaer en der is dan ek aardig folk op it iis fan e Mantgumerfeart en Swette. Ek yn e Legeaen kin goed riiden wurde mar we kinne net hiel Fryslan troch op reedens.

 

Mei troch it sterke bûteniis wurd de iisbaan minder brûkt. As bestjoer beslúte wy dat ús feegmachine ek mar wat mear fan e wrâld sjen mat.

 It ferienigingsdoel is op lèst : “het bieden van ijsvermaek “. Dit hoecht him net ta de iisbaen te beheinen. (binnen de lijnen blijven misschien?  of beperken ?).

 

Op snein 2e kriistdei faaie wy it iis om e neibou skjin en ek de spoarsleat. Ien fan e bestjoersleden kin it net litte en faget krekt foar donker ek noch in baantje nei it Mantgumerhúske (bei de Swette).Doe’t wy it iis skin faagen taaide en reinde it in bytsje.

De oare deis frear de saak wer op en wie op e fage stikken goed te riiden. Foar de rest wie it no bonkebrekkerij.

 

Begjin janewaris is de iisbaan ek nochris in pear kear iepen . It is 22 februari as der foar it lest op mooi tin iis riiden wurde kin. As it iis sterk is dan moatte jo derbij wêze. De sinne hat no al in soad macht dat de middeis kom ik mei de learzen fol wetter thús wylst Ids Willemsma en ik de moarns noch mooi streeke ha.

 

 

Reinold Idzinga

 

Neiskrift:

Earder foardroegen op e ledenfergadering fan 6 decimber yn e Wjukken dus in soad leden sille dit ferhaal al kinne.